Jack Ryan (personaazje)

Jack Ryan
Alec Baldwin as Jack Ryan yn 'e film The Hunt for Red October (1990).
Alec Baldwin as Jack Ryan yn 'e film The Hunt for Red October (1990).
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) John Patrick Ryan sr.
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Amerikaansk
berop/amt spesjaal agint fan 'e CIA
adj.-direkteur fan 'e CIA
politikus
presidint fan 'e Feriene
   Steaten
oare ynformaasje
geastlike heit Tom Clancy
ûntstean 1984

Jack Ryan (folút: John Patrick Ryan sr.) is in fiktyf personaazje en de haadpersoan út 'e nei him ferneamde romansearje fan 'e Amerikaanske skriuwer Tom Clancy. De romans oer Jack Ryan stiene oer in perioade fan tritich jier sûnder útsûndering op it boppeste plak fan 'e bestsellerlist fan The New York Times. Sûnt it ferstjerren fan Clancy yn 2013 hawwe fiif oare auteurs de searje mei tastimming fan 'e erven Clancy fuortset. Oer Jack Ryan binne ek in filmsearje mei deselde namme en in tillefyzjesearje mei deselde namme ferskynt.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy